'Probleembrêge' by Burgum ûndergiet keuring foar oerdracht Rykswettersteat

12 nov 2019 - 06:58

It moat in soarte APK foar in brêge wêze, de saneamde FIT-test (Functionele Inspectie en Testen). Tiisdei is de brêge Burgumerdaam oan bar, de 'probleembrêge' tusken Burgum en Sumar. Provinsje Fryslân en Rykswettersteat ûndersykje en beoardielje alle parten fan de brêge. Dat wurdt dien om't de brêge fan de provinsje nei Rykswettersteat giet.

Yn 2015-2016 is de âlde Burgumerdaam fan 1948 foar goed 30 miljoen euro ferfongen troch in nije brêge mei in akwadukt dernjonken. "De test van dinsdag heeft te maken met het feit dat de brug wordt overgedragen aan Rijkswaterstaat. De brug is in 2015-2016 gebouwd in opdracht van de provincie. Maar het is een brug over het Prinses Margrietkanaal en alle bruggen over dat kanaal worden van het Rijk. De brug moet dus worden overgedragen en daarom wil Rijkswaterstaat eerst kijken of de brug aan de eisen voldoet," seit deputearre Avine Fokkens.

"Mensen van ingenieursbedrijf Antea Group uit Heerenveen gaan de testen uitvoeren, de brug zal daarvoor ongeveer vijf keer open gaan. Dat wordt gedaan om de onderdelen te checken: hoe is het gesteld met de aandrijving en besturing, werkt de signalering voor wegverkeer en scheepvaart?," leit deputearre Fokkens út.

Problemen

Der is al in hiel skoft in soad te dwaan om de brêge oer it Prinses Margrietkanaal. Sa diene slachbomen it net mear en binne der ferskate steuringen west. Yn septimber hat de gemeente Tytsjerksteradiel oanjûn dat de provinsje sa gau as mooglik wat dwaan moat oan de problemen mei de brêge. Der is in brief skreaun oan deputearre Avine Fokkens.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Fokkens: "Op basis van klachten die er waren is het storingsprotocol aangepast en zijn er preventief onderdelen vervangen. Er is alles op alles gezet om de storingen op te lossen en te voorkomen. Voor zover ik weet is dat gelukt. Maar dat staat los van deze test, deze is nu bedoeld om te kijken naar de huidige staat van de brug, of het voldoet aan de eisen voor Rijkswaterstaat voor het overdragen."

Fytsers troch akwadukt

Der giet in soad ferkear oer de brêge en mei in steuring moasten ek helptsjinsten en it iepenbier ferfier omride. In monteur koe de problemen faak wol oplosse, mar it duorre te lang foar't de monteurs der wiene. It hat bliken dien dat der minsken troch it akwadukt fytst binne mei in steuring, dat soarge foar libbensgefaarlike situaasjes.

Deputearre Avine Fokkens oer de Burgumerdaam

Projektlieder Laurens van Vilsteren fan Antea Group leit út dat der tiisdei ûnder oare sjoen wurdt nei bygelyks sensoaren, needstroom en de behearskmaatregels nei de steuringen. Grutte ûntdekkingen binne noch net dien, op in triedsje dat los siet en wat gegevens dy't men net daalks út de systemen neilêze koe.

Hinder

Troch de FIT-test kin de brêge wat faker en langer iepen stean as gebrûklik. Fan de measte testen sille bestjoerders neat merke, allinne as de oandriuwing fan de brêge test wurdt, kin de brêge wat langer iepen stean. Hinder foar de skipfeart is der net. Mocht der al wat wêze, dan is der in monteur oanwêzich. De FIT-test fynt plak tusken 8.00 en 17.00 oere.

Projektlieder Laurens van Vilsteren oer wat der bart mei de brêge

(advertinsje)
(advertinsje)