Noardeast-Fryslân is noch lang net ta oan in riedseal yn de Roomske tsjerke

11 nov 2019 - 23:00

De gemeente Noardeast-Fryslân is noch lang net ta oan in riedseal yn de Roomske tsjerke. Dizze nije fariant is moandei troch de Stifting Behâld Bonifatiustsjerke Dokkum yn de publisiteit brocht.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In grutte fergadertafel dy't optakele wurde kin as de tsjerke as tsjerke brûkt wurde moat. Mar it hie nea earder in fariant west, hy is net berekkene en sels it parochybestjoer hat der noch nea oer sprutsen. Mar neffens de stichting is der sprake fan in win-win sitewaasje. De monumintale tsjerke krijt in ekstra bestimming en finansjele stipe troch it mei brûken en gemeente krijt de moaiste riedseal fan it lân.

Der wiene earder al in tal farianten makke en dy binne moandei taljochte op in ynformaasjejûn. Meast kânsryk fynt it kolleezje sels de opsje om in ekstra ferdjipping op in part fan besteande gebou te setten en in nije riedseal op it dak fan fan de publykshal te bouwen.

Boargemaster Apotheker hie foar de ynformaasjejûn earst op in man as acht rekkene, mar dat wiene der mear as hûndert. Reden wie dy folslein nije fariant. Der waard in soad oer praat, mar oer de helberens is noch neat te sizzen.

De ried fan Noardeast-Fryslân bûcht him 21 novimber oer de kwestje.

René Koster wie yn Dokkum

(advertinsje)
(advertinsje)