Danny Noppert is útskeakele op Grand Slam of Darts

11 nov 2019 - 22:42

Danny Noppert fan De Jouwer is útskeakele op de Grand Slam of Darts yn it Ingelske Wolverhampton. Konkurrint Ryan Harrington wûn ienfâldich mei 5-1 fan in min spyljende Wayne Warren. Om't Noppert earder de op de jûn ferlear fan Peter Wright, is hy tredde yn de pûl wurden en giet hy net troch nei de knock-out faze.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies

Earder op de jûn spile de Jouster syn lêste pûlwedstriid op de Grand Slam of Darts. Hy gie yn in goede partij mei 5-2 ûnderút tsjin Peter Wright. Troch dat ferlies hie Noppert it trochgean nei de knock-outfaze net mear yn eigen hân.

De Jouster begûn goed oan de wedstriid, mar miste meardere dûbels. Wright profitearre, mar koe dêrnei syn eigen leg net hâlde. De folgjende twa legs giene om en om nei de beide manlju, wêrtroch't it 2-2 waard.

Fan dat stuit ôf wie Wright te goed foar Noppert. Dy stie de hiele tiid wol yn de buert, mar krige gjin kânsen mear. Yn tsien darts makke Wright de partij dien.

Trefwurden: 
De Jouwer Danny Noppert darts
(advertinsje)
(advertinsje)