Old Frisian Summer School krijt twadde edysje
De twadde Old Frisian Summer School sil takom jier yn Grins en Fryslân wêze. De earste edysje wie earder dit jier yn Oxford, yn july.
De Old Frisian Summer School is in gearwurking tusken de Ryksuniversiteit Grins en de universiteit yn Oxford, ien fan de meast foaroansteande universiteiten op 'e wrâld. De simmerskoalle moat de ferwantskippen tusken it Frysk en Ingelsk nei foaren helje.
De edysje takom jier is fan 22-28 juny.