Oerlêst Ljouwerter fleanbasis: op wei nei rekôr tal klachten

11 nov 2019 - 21:35

Foar de fleanbasis Ljouwert komt in nij klachterekôr oer lûdshinder oan. Dêr warskôge Gerard Veldman fan doarpsbelang Jelsum/Koarnjum moandei foar by de gearkomste fan de kommisje lûdshinder, COVM. By de kommisje wurdt praat oer de oerlêst en wat dêr mooglik tsjin te dwaan is.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It ôfrûne jier wie der in soad drokte op de fleanbasis Ljouwert. Begjin april wie der de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag dy't twa wiken duorre. Flak dêrnei gie de FWIT, de wapenynstrukteurs oplieding, fan start. Dy rûn oant ein oktober. Beiden soargen foar in soad klachten. Benammen yn de moanne july wie in grutte klachtestream. Ek wurdt der klage oer in sterke kerosinelucht.

Nei Noarwegen

Veldman frege út namme fan de omwenners oft it net mooglik is in part fan de oplieding ta wapenynstrukteur yn it bûtelân te dwaan. Yn it ferline barde dat al. Doe waard in part flein fan bases yn Noarwegen en Portugal. ôf. Neffens basiskommandant Arnoud Stallmann wie dat no net mooglik. Hy hopet dat it yn 2021, wannear de folgjende wapenynstrukteurs-oplieding fan start giet, de fleaners al wer in part fan de oplieding yn bygelyks Noarwegen trochrinne kinne.

Fleanbasis Ljouwert - Foto: ANP

Wurkgroep loftkwaliteit

De wurkgroep loftkwaliteit wurdt ek wer ny libben yn blaasd. It inisjatyf fan Geert Verf fan doarpsbelang Marsum wurdt omearme troch Definsje. Verf wol sa helder krije wat de F-35 útstjit: "Yn Amearika is dat gewoan bekend, dêr ha se alle sifers iepenbier. Dat moat dan hjir ek. Seker no't der sa'n soad diskusje is oer de útstjit fan stikstof. As je ûndersykje ha je it gewoan helder." De GGD-Fryslân soe dan mooglik ûndersyk dwaan kinne nei sûnensklachten fan omwenners.

Verf: "Wolle je klachten ferminderje, dan is goeie foarljochting nedich en benammen minder lûdsoerlêst. Der is in soad ymport fan bûtenlânske gastfleaners, dat moat eins wat minder. Der moat in bettere ferhâlding tusken ymport en eksport fan lûd, dêrom hawwe 17 doarpen ek in brief nei basiskommandant Stallmann stjoerd."

Basiskommandant Arnoud Stallmann seit sels: "We houden zo veel mogelijk rekening met de omgeving als kan, maar we moeten wel kunnen trainen voor onze oorlogstaak. We proberen de uren te spreiden en niet te vaak over bepaalde plekken te vliegen."

Gjin nije miljeufergunning

Der leit noch gjin nije miljeufergunning foar de fleanbasis Ljouwert. Dêr waard oan wurke om dy wer by de tiid te krijen en ek om tal fan losse fergunningen te bondeljen. Troch de problemen mei de PAS, it Programma Aanpak Stikstof, leit de proseduere no stil. Basiskommandant Stallmann is dêr koartlyn oer ynformearre. It betsjut net dat der no yllegaal flein wurdt. De fergunning sa't dy der lei is noch by de tiid en jildich.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma, wurkgroep-kommisjelid Geert Verf en basiskommandant Arnoud Stallmann

(advertinsje)
(advertinsje)