Fryske loftrom yn de takomst folslein foar Definsje

11 nov 2019 - 21:18

It oefengebiet fan Definsje boppe Noard-Nederlân wurdt nei alle gedachten útwreide nei it suden. Dat is moandeitemiddei dúdlik wurden by de kommisje lûdshinder fan de fleanbasis Ljouwert. It betsjut dat sawat it hiele loftrom boppe Fryslân troch de loftmacht brûkt wurde kin om te oefenjen.

Fleanbasis lâningsbaan - Foto: Shutterstock.com

It oefengebiet fan de loftmacht beslacht no de boppeste helte fan Fryslân, De grins rint rûchwei fan Starum nei Delfzijl.

It folsleine Nederlânske loftrom moat yn 2023 oars. It is drok yn de loft. Om dat feilich te hâlden moat it loftrom op 'e nij yndield wurde. Dat hat te krijen mei de mooglike komst fan fleanfjild Lelystêd en ek it brûken fan drones.

Ek hat Definsje mei de komst fan de F-35 ferlet fan in grutter oaniensletten oefengebiet. In gebiet dêr't yn gearwurke wurdt mei de marine en de lânmacht. Foar de loftmacht wurdt neffens projektlieder René Vrugt dêrom socht nei in gebiet súdlik fan Ljouwert rjochting Drinte. Der wurdt ek sjoen oft der gearwurke wurde kin mei Dútslân.

It betsjut neffens Vrugt net dat it fuort giet om leechfleangebieten. Der kin ek op middelbere of gruttere hichtes oefene wurde.

Kommend foarjier moat der in dúdliker plan lizze. It kabinet nimt dan letter in definityf beslút.

Trefwurden: 
fleanbasis F-35 loftrom
(advertinsje)
(advertinsje)