MKB Noord: rappe treinferbining 'Lelylijn' en treinstasjon Drachten needsaaklik

11 nov 2019 - 20:33

In rappe ferbining tusken de Rânestêd en Noard-Nederlân is needsaaklik foar it ûndernimmersklimaat yn Nederlân, fynt de ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW MKB Noord. Se wolle dêrom safolle mooglik stipe sammelje foar de saneamde Lelylijn, in rappe ferbining tusken Grins en Amsterdam-Súd. Dat dogge se troch in sympoasium te organisearjen.

Foto: http://www.lelylijn.eu

In rappe ferbining mei de Rânestêd is better foar de fersprieding op de wenningmerk, soarget foar minder druk op it spoar yn Zwolle en draacht sa by oan duorsum ferfier, sa seit de ûndernimmersorganisaasje. Harren sympoasium is op 2 desimber yn Drachten. En dat is net samar. Neffens de organisaasje is Drachten 'de grutste stêd fan Nederlân sûnder treinstasjon' en dat moat oars.

Foardat de Lelylijn der echt komt, is stipe fan boargers nedich. Op it sympoasium sille eksperts en foarstanners fertelle wat de krekte plannen binne en wat de urginsje fan de rappe treinferbining is. De organisaasje wol ek graach dat foar- en tsjinstanners fan de Lelylijn mei mekoar yn debat gean. Dizze talkshow wurdt organisearre troch it Dagblad van het Noorden en de Leeuwarder Courant.

(advertinsje)
(advertinsje)