Boalserter Maaike de Groot bringt gefoel oer by TVOH

11 nov 2019 - 20:20

Maaike de Groot út Boalsert die freed mei oan The Voice of Holland en Nederlân koe it net drûch hâlde by har optreden. Har emosjonele optreden, in earbetoan oan har ferstoarne heit, gie viral op sosjale media. Twa coaches draaiden har stoel om en no is se dus troch nei de folgjende ronde.

Se song it liet 'De zee'. "Ik had het helemaal niet verwacht, maar heel Nederland werd wild", fertelt Maaike de Groot yn De middei fan Fryslân. "Ik kreeg heel veel lieve reacties, dat ik het durfde. Ik was heel zenuwachtig, maar ik dacht ik probeer het gewoon."

De sjuery wie oandien nei it optreden. 'Je hebt kracht uit dit liedje gehaald' sei Waylon. Maaike hie dit liet ek by de kremaasje fan har heit songen. "Toen ging het niet helemaal goed, dus ik dacht ik doe het nog een keer."

Se fûn it hiel frjemd om harsels werom te sjen op telefyzje. "Maar ik had allemaal lieve mensen om me heen. Ik vind het een hele ervaring en ben blij dat het gelukt is."

By it ûnderdiel de 'Battles' is se wer te sjen op telefyzje.

Maaike de Groot

(advertinsje)
(advertinsje)