Earste grize seehûnepup dea oantroffen op Skylge

11 nov 2019 - 20:07

De earste seehûnememmen krije harren pup yn it midden fan desimber. It deade bistje dat no op Skylge fûn is, wie nei alle gedachten te betiid berne. Mar it lit wol sjen dat dit it begjin is fan it berteseizoen en dêrom ropt it Zeehondencentrum op om net te ticht by seehûnen te kommen.

Foto: Guus Schweigman, EHBZ Terschelling

De grize seehûnepup wie mar 60 sintimeter wylst in pup sa'n 90 sintimeter is as it berne wurdt. It bistje hie wol in wite facht, mar it lichem wie al yn in steat fan ûntbining.

Sûne pups bliuwe de earste twa oant trije wiken op it lân. Dêrom ha se al in dikke waarm facht dy't harren waarm hâlde moat. Mar hjirmei kinne se net swimme. Hjirtroch kinne minsken tinke dat der wat mei de pup is, wylst dat dan net sa is.

It advys fan it seehûnesintrum is om kontakt mei harren te sykjen as der twivels binne oer de sûnens fan de seehûnepup of it bistje dea is.

(advertinsje)
(advertinsje)