Stim op de meast oansprekkende foto's út de Twadde Wrâldoarloch

11 nov 2019 - 19:58

It NIOD (Instituut voor oorlogs-, holocaust- en genocidestudies) hat in lanlik projekt om de Twadde Wrâldoarloch yn 100 foto's sjen te litten. Elke provinsje leveret dêr materiaal foar oan. It Fryske publyk kin fan no ôf stimme op in seleksje dy't ûnder oare makke is troch Tresoar.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok presintearre moandei syn fotokar. Hy hat in protte gefoel by de foto. "Op dizze foto kaam it ikoanyske byld fan ús Aldehou versus de oarloch by inoar," fertelt Brok. "Dat we ek yn ús haadstêd oarloch hienen, dy twa fasetten, kamen by inoar en dat ropt foar my it byld op dat it tichteby is."

Brok warskôget dan ek dat wy net te maklik tinke moatte oer de frede dy't wy kenne. "Oarloch is altyd tichteby. We kinne no wol sizze en tinke dat it 74 jier lyn is en dat it net op 'e nij bart. mar it kin sa wer oars wêze."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Noch foto's socht

Tresoar hat al 140 foto's útsocht, mar kin noch hieltyd nije foto's brûke. "Wy ha se yndield yn kategoryen," seit Johan Steendam fan Tresoar. "Mar fan ien ha wy noch net genôch." Steendam hat it oer de kategory 'ûnderdûk en ferfolging fan Joden, Sinti en andersdenkenden.' Foar dy kategory sykje wy noch foto's. Dat is fansels in dreech ûnderwerp, want dy minsken wiene dus meastal net te sjen om't sy ûnderdûkt sieten. Mar dochs kinne der foto's wêze fan razzia's of wat oars. Stjoer it ús dan foaral noch op."

Johan Steendam fan Tresoar hat in oprop..

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Op 15 jannewaris wurde de 25 foto's mei de measte stimmen yn it provinsjehûs tentoansteld.

Op 31 maart 2020 wurde de lanlik útkeazen 100 foto's bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)