Wurkstraf foar man út Lelystad dy't sigaretten stelt op It Hearrenfean

11 nov 2019 - 19:00

In ynwenner fan Lelystad is feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren fanwege de stellerij fan sigaretten út in opslachboks op it Hearrenfean. De stellerij fûn plak yn augustus 2017, de sigaretten hiene in wearde fan sa'n 5000 euro.

Foto: Shutterstock.com

Neffens de man út Lelystad wie hy allinne de sjauffeur by de stellerij en wiene der oaren ferantwurdlik foar de ynbraak. Mar de plysje hat dy net fine kinnen.

Omdat it fergryp al mear as twa jier lyn wie, joech de rjochter in lege wurkstraf. Dy wie gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje.

Trefwurden: 
It Hearrenfean wurkstraf
(advertinsje)
(advertinsje)