FIDEO: Hanneke Zonderland tinkt gaswinning De Hoeve keare te kinnen

11 nov 2019 - 18:59

De gemeente Weststellingwerf tinkt goeie kâns te hawwen om de gaswinning by De Hoeve tsjin te hâlden. Dat seit wethâlder Hanneke Zonderland yn It Polytburo. Gasbedriuw Vermilion wol dêr wer begjinne mei gaswinning, nei't dêr tsien jier lyn in ierdbeving west hat en de winning stillein is.

De gemeente hat de Raad van State frege om hjir in útspraak oer te dwaan. Frijwol altyd fange gemeenten bot by dat rjochtsorgaan, foarige wike wie dat noch foar Smellingerlân it gefal.

Lokale oerheden kinne gaswinning meastentiids dus net tsjinhâlde, mar Weststellingwerf tinkt mei de ierdbeving fan 2009 in troef yn hannen te hawwen by de rjochter.

(advertinsje)
(advertinsje)