Fryske boer wie yn Haarlem by protest: "Je moatte je sjen litte"

Hûnderten boeren ha dizze moandei protestearre by it provinsjehûs yn Haarlem. Neffens de regionale omrop NH Nieuws stiene der wol 300 trekkers by it gebou. Dêr waard troch de provinsje praat oer de stikstofproblematyk. De boeren fine dat de regels ferromme wurde moatte en dêrom wolle se har oanslute by Fryslân.
© Kappers Media
Om de aksje te stypjen wiene ek Fryske boeren nei Haarlem ôfreizge. Ien derfan wie Ruurd Jan van Wallinga fan Tsjom. De animo om mei te dwaan wie net sa grut. "We ha ommers ek al in pear kear fuort west." Ut Fryslân wienen der no njoggen trekkers, wêrûnder trije fan Wallinga. "We sitte yn it agrarysk wurk en dat is op it momint restich."
It provinsjebestjoer fan Noard-Hollân hâldt fêst oan de regels, dus de aksje hat net opsmiten wat de boeren woenen. Neffens Wallinga wie de sfear wol goed. "Letter hearde ik dat se no by Schiphol steane."
Hy fynt it goed dat der aksjefierd wurdt. "Je moatte je sjen litte, der moat wat gebeure."