Sportcast: "Cambuurkommissaris Jan Koster is in plúsplakker"

11 nov 2019 - 18:30

SC Hearrenfean wûn sneon nei in fermaaklike wedstriid mei 2-1 fan Sparta Rotterdam. In dei earder wûn SC Cambuur mei deselde sifers yn Kerkrade fan Roda JC. Op sportyf mêd dogge beide teams it goed, mar bestjoerlik falt by beide wol wat te melden. Dat dogge Geert van Tuinen, Arjen de Boer en Roelof de Vries dan ek graach. Andries Bakker is de presintator fan dizze Sportcast.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Hearrenfean kaam tsjin Sparta werom fan in efterstân. Neffens Roelof de Vries wie dat mei troch de wiksels fan Johnny Jansen: "Dit wie de oerwinning fan Johnny Jansen. Syn wiksels pakten goed út en hy makket spilers better oant no ta, sjoch mar nei Floranus."

Arjen de Boer wie ûnder de yndruk fan ferdigener Ibrahim Dresevic: "We hawwe it in soad oer Botman, mar Dresevic stie ek as in fjildhear efteryn."

Bespotlike stadionferbodden

Guon supporters fan Hearrenfean krigen nei in ynsidint by de útwedstriid tsjin VVV-Venlo in stadionferbod. Neffens Roelof de Vries wie dat ûnterjochte, want de measten hienen neat mei dat ynsidint te krijen. "Supporters fan Hearrenfean rieden yn buskes nei it stadion, doe't se oanfallen waarden troch oanhingers fan VVV. It earste buske hat it negearre, it twadde buske stie allinnich mar stil en allinnich de minsken fan it tredde buske binne de konfrontaasje oangien."

De stadionferbodden binne letter omset yn warskôgingen, mar ek dat fynt De Vries net terjochte: "Ek dêr soe ik tsjin yn berop gean."

Opfallende 'move' Jan Koster

Cambuur wûn nei in sterke wedstriid mei 2-1 fan Roda JC. De Ljouwerters rinne sels út op konkurrint NAC Breda. Geert van Tuinen fynt lykwols noch hieltyd net dat Cambuur in útsprutsen favoryt is foar promoasje, want "it sil net altyd hosanna wêze by Cambuur."

De Ried fan Kommissarissen hat der wol wer in lid by mei de komst fan Harry van der Zee. Ek Jan Koster bliuwt dochs oan as kommissaris. Earder kaam noch nei bûten dat Koster in 'funeminteel ferskil fan ynsicht' hie mei Cambuur. Geert van Tuinen fynt it frjemd dat er dan dochs bliuwt: "As je in fûneminteel ferskil fan ynsjoch hawwe en der feroaret hast neat en je komme dochs werom, dan fyn ik dat in opfallende 'move'." Presintator Andries Bakker freget him ôf hoe't dit sa kin: "Is Jan Koster miskien in plúsplakker?"

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)