Takomst fan Walk of Fean ûnwis troch nije fernielingen

De takomst fan de Walk of Fean op It Hearrenfean is ûnwis no't koartlyn wer in byld stikken makke is. De kuierrûte lâns boarstbylden fan sporthelden hat al sûnt it begjin te krijen mei fernielingen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Twa boarstbylden fan Ireen Wüst en Sjoerd Feenstra wiene foar de offisjele iepening yn juny al stikken makke. Alle tsien bylden fan 'Walk of Fean' binne dêrnei fan de rûte helle en oanpast. Mar dat mocht net helpe. It 'hichtepunt' fan it fandalisme wie in pear wiken lyn doe't it byld fan Jorrit Bergsma yn it sintrum fan It Hearrenfean fernield is.
It hieltyd wer opnij meitsjen fan in byld kostet in soad jild. Dêrom is it hast net te dwaan om de Walk of Fean op dizze wize yn stân te hâlden. Inisjatyfnimmer 'n Gouden Plak is dan ek bot teloarsteld yn de situaasje. It bestjoer tinkt op it stuit fierder nei oer de takomst fan de kuierrûte.

Sportersferhalen

De rûte ferbynt iisstadion Thialf mei sportstêd Hearrenfean en it sintrum. Sa wol de organisaasje de trije lokaasjes mei-inoar ferbine. It idee is ek dat minsken by de bylden wat meikrije fan wat se dien hawwe as sporter.
Dêrom is by alle bylden in filmke te sjen dy't fia de app te downloaden is. Njonken Ireen Wüst en Sjoerd Feenstra stean der ûnder oare bylden fan Foppe de Haan, Riemer van der Velde en Epke Zonderland.