Buurvrouw & Buurvrouw Bus wol 'buorfrou' wêze foar dakleazen

11 nov 2019 - 17:34

By de buorfrou hellest in kopke sûker, kinst in praatsje meitsje en se past op dyn planten. Mar net elk hat sa'n buorfrou, bygelyks dakleazen of iensume minsken. Oan dizze groep wol it boargerinisjatyf Buurvrouw & Buurvrouw Bus (B&BB) oandacht jaan.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Inisjatyfnimmers binne Monique van der Hoek en Esmeralda de Vries, se ha yn it jier fan Kulturele haadstêd it idee fan de grutste haakte tekken betocht. "Dit project is eigenlijk de legacy van die gehaakte deken. Daarbij noemden ze ons buurvrouw en buurvrouw. En toen bedachten we dat iedereen eigenlijk wel een buurvrouw nodig heeft, maar niet iedereen heeft ook een buurvrouw. Zoals mensen die op straat leven, in armoede leven, eenzaam zijn of mensen die leed hebben", fertelle de froulju.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De buorfrou is symboalysk bedoeld, elk kin in oar helpe. "De bus komt op vaste plekken in de gemeente volgens een vaste dienstregeling . Je kunt er dingen brengen en halen."

De ferboude bus hat bakjes mei sokken, mûtsen, sjaals, toksboarstels, in bon foar in lekker broadsje of in kop sop. "Er zijn allemaal vakjes met bijvoorbeeld kleding, dekens en levensmiddelen. Het gaat om wederkerigheid, elkaar helpen."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Kofjemokken fan de gemeente

Boargemaster Sybrand Buma hat de Buurvrouw & Buurvrouw Bus moandei yn Ljouwert iepene. "Ik wens de bus een behouden vaart!" Hy hie ek in kado foar de twa inisjatyfnimsters: twa kofjemokken fan de gemeente. "Ik vind het een ontzettend mooi project en ik hoop dat heel veel mensen er gebruik van gaan maken. Volgens mij kunnen heel veel mensen een beetje extra zorg wel gebruiken."

Is soks net in taak fan de gemeente? "Dit moet je samen doen. De gemeente kan dit niet in z'n eentje, het is juist aan zulke mensen te danken dat we als Leeuwarders mensen weten te bereiken. Als de mienskip zelf aan het werk gaat, dan wordt het mooier dan dat de gemeente het verzint. Dit is denken aan anderen, ik zou willen dat de hele gemeente zo was."

Boargemaster Sybrand Buma

Mooglik fynt dit projekt ek neifolging bûten de gemeente.

(advertinsje)
(advertinsje)