Follybalfroulju VC Snits ferkeazen ta 'Wedstriid fan de Wike'

11 nov 2019 - 17:15

It is oant no ta noch net it seizoen fan de follybalfroulju fan VC Snits. Ofrûne sneon behellen se pas de earste oerwinning, nei fiif eardere nederlagen. Oankommende sneon geane de froulju op jacht nei in nije oerwinning yn de útwedstriid tsjin Set-Up '65. It is de 'Wedstriid fan de Wike'.

Mei assistint-trainer Henriëtte ter Steege oan it roer, fanwege it opstappen fan Paul Oosterhof ferline wike, slagge it de Snitser froulju ynienen wol om te winnen. "En dat moast ek wol, want de posysje dêr't VC Snits stie is net de posysje dêr't se thús hearre", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Nettsjinsteande dat der fan it simmer de nedige wikselingen trochfierd binne yn de spilersgroep, hearre se net ûnderyn te bongeljen yn de earedifyzje." Mei Hester Jasper en Janieke Popma ferdwûnen der dizze simmer twa hiel wichtige spylsters.

Tsjinstanner Set-Up '65 is aardich begûn oan it nije seizoen. Se steane nei seis wedstriiden op it fjirde plak mei alve punten. Dat binne der seis mear as VC Snits en dus kinne de Fryske froulju it gat ferlytse, as se sneon yn Ootmarsum in goed resultaat helje.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)