SC Cambuur skriuwt wer swarte sifers, mar noch altyd negatyf eigen fermogen

SC Cambuur hat foar de njoggende kear op rige swarte sifers skreaun. De Ljouwerters hellen oer it ôfrûne jier in winst fan 798.000 euro. Dat komt mei troch de ferkeap fan keeper Xavier Mous en it optúgjen fan in spilersfûns. Der is noch wol altyd in negatyf eigen fermogen fan 267.000 euro.
Xavier Mous tusken direksjeleden Gerald van den Belt en Ard de Graaf yn © Orange Pictures
Neffens Gerald van den Belt is it unyk dat der op 'e nij sokke jiersifers helle binne. "We zijn er hartstikke blij mee. Ik denk niet dat het vaak is voorgekomen dat we zulke cijfers hebben gepresenteerd", fertelt de finansjeel direkteur fan de Ljouwerters. De ferkeap fan Mous is ien fan de oarsaken fan de positive sifers. Mar, in part fan dy transfersom komt ek noch by it finansjele jier dat no rint. Datselde jildt foar de ynkomsten út de transfer fan Nigel Robertha. "Dus die gaat in de cijfers van 2019/2020 voorkomen."
Wat wol opfalt oan de jiersifers is dat de ynkomsten fan de klup foar it tredde jier op rige weromrinne. Neffens Van den Belt is dat in logysk gefolch fan de sportive prestaasjes fan de ôfrûne jierren: "Elk jaar dat je in de eerste divisie speelt, gaan de inkomsten achteruit. Deels omdat de televisie-inkomsten jaarlijks twee ton dalen. Daarnaast zie je dat ook de inkomsten uit de seizoenkaarten en de sponsoring een klein beetje teruglopen, elk jaar dat je in de eerste divisie speelt."
Gerald van den Belt oer de jiersifers
Sa moat it nije stadion derút sjen © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Alles valt op dit moment wel redelijk goed.
Finansjeel direkteur Gerald van den Belt

Nije stadion

De ambysje fan de direksje hat altyd west om sûnder reade sifers nei it nije stadion te ferhúzjen. Der is dus noch in negatyf eigen fermogen fan 267.000 euro, mar neffens Van den Belt is de kâns grut dat dy fuortwurke is foardat de klup yn 2021 ferhuzet. "Die kans is relatief groot. Dit jaar verwachten we ook weer zwarte cijfers te presenteren. Ik acht dat realistisch dat we dat in de komende twee jaar gaan doen."
Cambuur hat foar dit jier wol wat oars begrutte as de ôfrûne jierren. Wêr't de klup hjirfoar faak foar in feilige begrutting keas, is no wat mear risiko naam. "We hebben wel iets enthousiaster begroot dan we gewend zijn. We moeten er flink aan trekken om de omzet te halen die we begroot hebben." Mar, njonken it jild fan de transfer fan Robertha helpe de goeie prestaasjes fan no dêr by. "Het stadion zit vol. En met Feyenoord-thuis voor de beker hebben we een beetje wind in de rug. Alles valt op dit moment wel redelijk goed."
Alle ynkomsten út de kaartferkeap fan de bekerwedstriid tsjin Feyenoord geane nei Cambuur ta. Dat hat te krijen mei dat de resettes yn de twadde ronde noch net dield hoege te wurden.
© www.dijksfotografie.nl

'Heeren van Cammingha'

It spilersfûns 'Heeren van Cammingha' dat der sûnt dizze simmer is, hat ien miljoen euro by Cambuur binnenbrocht. Dat stiet foar in part op de begrutting fan it ôfrûne jier en foar in part op de begrutting fan it no rinnende jier. "Daar zijn we in juni mee begonnen. Een klein stukje van dat miljoen zit al in 18/19, de rest in 19/20. Dat is voor ons om wat slagroom op de taart te hebben, met name op sportief gebied", sa seit Van den Belt.