RECRON: "Hegere toeristebelesting Eaststellingwerf sil rekreaasje klanten kostje"

De feriening fan rekreaasje-ûndernimmers, de RECRON, is tsjin in ferheging fan de toeristebelesting yn Eaststellingwerf. De feriening is benaud dat de ferheging rekreaasje-ûndernimmers yn Eaststellingwerf klanten kostje sil.
Beurs © Shutterstock.com
Boargemaster en wethâlders fan Eaststellingwerf stelle de gemeenteried foar om de toeristebelesting te ferheegjen fan 1,00 euro nei 1,40 euro. Neffens de RECRON wize boargemaster en wethâlders dêrby net terjochte nei omlizzende gemeenten. Dêr soe de toeristebelesting gemiddeld op 1,45 euro lizze, mar neffens de RECRON is dat mar 1,08 euro.
De hegere toeristebelesting wurdt tiisdei bepraat yn de gemeenteried. GrienLinks en PvdA seagen twa wiken lyn by de behanneling yn in kommisjegearkomste gjin probleem yn de ferheging, de oare partijen hikten der wol tsjinoan. Ferantwurdlik wethâlder Marcel Bos sei doe: "We hebben geenszins het idee dat hierdoor toeristen wegblijven".
Petra Ellens fan de RECRON sil tiisdei ynsprekke by de riedsgearkomste.