Man út Purmerend krijt wurkstraf foar himpkwekerij yn Drachten

11 nov 2019 - 15:51

In man út Purmerend hat in wurkstraf fan tachtich oeren krigen, foar syn oandiel yn in himpkwekerij yn Drachten. De man waard dêr twa jier lyn betrape by in ynfal fan de plysje. Sels sei er dat er der wie om de airco's te reparearjen, op fersyk fan in maat fan him út Amsterdam.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dy maat moast ek foarkomme, mar seit dat er fan neat wit. De man út Purmerend soe him frege ha oft er him nei syn wurk yn Drachten bringe woe. De rjochter spruts de Amsterdammer frij. De man út Purmerend wie net sa gelokkich, dy krige dus in wurkstraf fan tachtich oeren en hûndert oeren ûnder betingst.

By de ynfal twa jier lyn yn in pân oan de Dukdalf yn Drachten waarden yn fjouwer romten meiïnoar 1.772 himpplanten fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)