HEA! "Bert Natoer" hat ien grutte passy: natuer

Bert van Geel fan Dronryp hat in bysûndere hûshâlding. Alles yn syn hûs hat te krijen mei de natuer. Dat is Bert syn grutte passy en hy fertelt der graach alles oer op skoallen by bern, mar ek by lêzingen of eveneminten. Hy fynt Freek Vonk wol okee, mar sels fernimt hy dat de minsken syn ferhalen oer de natoer yn Nederlân just prachtich fine en alles fan him witte wolle. Dus "Bert Natoer" sjocht in eigen TV programma wol sitten.
HEA! Bert Natoer