Noardlike húsdokters komme mei oplieding om tekoart oan assistinten op te lossen

11 nov 2019 - 15:16

ROC's yn it noarden fan it lân komme mei in ferkoarte oplieding foar doktersassistinten. De Noordelijke huisartsenzorg hopet dêrmei it tekoart op te lossen, dat der oan doktersassistinten is. De oplieding begjint dizze moanne.

Foto: Omrop Fryslân

De húsdokters rjochtsje har mei de oplieding op assistinten dy't yn of nei 2004 har diploma helle hawwe, dy't op dit stuit net mear wurksum binne yn dit berop, mar dat wol wer wolle. Sy krije in ferkoarte oplieding, dêr't ûnder oare ek in betelle staazje by heart. Dêrneist krije se persoanlike begelieding.

Yn Fryslân giet it om assistinten foar de húsdokterspoedsoarch yn de jûnen, nachten en yn de wykeinen.

Trefwurden: 
tekoart hûsdokters
(advertinsje)
(advertinsje)