Boek fertelt oer libben fan Syb van der Ploeg: "Sport en muzyk binne belangryk"

Hy is noch mar 53 jier, mar dochs leit it libbensferhaal fan Syb van der Ploeg tiisdei yn de boekhannel. Yn it op autobiografyske wize skreaune boek sjocht de sjonger fan De Kast werom op syn libben, dat net allinnich om muzyk draait, mar ek om sport.
Syb van der Ploeg oer syn sportboek
Syb fertelt hoe't muzyk en sport him as akteur, muzikant en sporter foarme hawwe. Yn it boek steane ek ynterviews dy't hy mei syn sporthelden Foppe de Haan, Hennie Kuiper, Rintje Ritsma, Gerard Nijboer, Rob Barel en Henk Angenent hie.
By it boek hat Syb ek in cd mei nûmers dy't er foar elk fan syn sporthelden skreau en in teäterfoarstelling makke. It plan foar it boek, de cd en de foarstelling ûntstiene doe't er twa jier lyn de foarstelling 'Sportsound' makke, dêr't safolle anekdoates en sportferhalen by boppe kamen dat er it skande fine soe om dizze ferhalen net breder te fersprieden.
© Omrop Fryslân
Sport en muzyk spylje beide in belangrike rol yn syn libben. "Ik bin fan jongs ôf al in soad mei sport dwaande. Ha sels in skoftke hurdfytser wurde wollen."
Dat is net slagge, mar dochs spilet de sport ek in belangrike rol yn syn profesjonele karriêre, seit Van der Ploeg. "By it hurddraven en it reedriden krij ik de kop efkes hielendal leech. En dat helpt benammen as ik by it skriuwen efkes hielendal fêst sit. Troch dan te sporten krij ik wer ynspiraasje."
It boek wurdt presintearre yn Theater Sneek en is skreaun troch Roely Boer.