Bombardemint by Terherne betocht mei plantsjen fan beammen

Mei it plantsjen fan beammen is yn Sibrandabuorren moandeitemoarn stilstien by it bombardemint op de slûzen fan Terherne yn de Twadde Wrâldoarloch. Dêr kamen doedestiids fjouwer minsken by om it libben: twa froulju, in lytse poppe en in Dútske soldaat.
Betinking bombardement Terherne
Tusken tsien en alve oere waarden fjouwer beammen plante, foar elk slachtoffier ien, en dat wie krekt op it momint dat 75 jier lyn de bommen foelen op de pleats fan de famylje Hoekstra. Aldste soan Jaap Hoekstra hat de oarloch oerlibbe en wie oanwêzich by de betinking. Hy fynt it moai dat der no in oantinken oan de slachtoffers is. "Je komme noch wolris wer werom en seker op sa'n dei as hjoed, ja, dan tinke je der wer hiel goed oan."

"It wie in moaie, sinneskyndei"

Hoekstra wie sân jier âld doe't de bommen foelen en hy kin it him noch goed heuge. "It wie in moaie, sinneskyndei wit ik noch. Ik gong mei ús heit en myn broer, dy't doe fiifenheal wie, nei ús pake oan de Mardyk om molke te heljen. Doe't we weromkamen, kamen de fleantugen deroan en se fleagen sa leech dat ik de piloat yn de cockpit sitten seach."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Doe't de earste bommen by ús foelen, binne we achter de Mardyk lizzen gong", ferfolget Hoekstra. "Ik wit noch wol dat ik der tsjinop krûpt bin, om te sjen wat der oan 'e hân wie. Doe blykte dus dat de huzen, dêr't ik no stean, der net mear wienen." Hoekstra ferlear syn mem en syn suske fan krekt in jier âld. "Us mem siet foaroer oer it berntsje hinne, krekt as hie se har beskermje wollen tsjin wat der komme soe."

Noch altyd lêst

Nei al dy jierren hat Hoekstra noch altyd lêst fan it bombardemint, de lêste jierren sels mear as foarhinne. "Foaral as der fleantugen oer my hinne geane mei in motor, dus net strieljagers, dan komt it direkt wer boppe."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Inisjatyfnimmer fan it plantsjen fan de beammen is Gerhard Pietersma, skipper fan it Steatejacht Friso, dat syn fêste lisplak flakby de troffen pleats fan de Hoekstra's hat. De beammen binne plante by it monumint dat dêr sûnt de jierren 80 stiet.
Jaap Hoekstra oer it bombardemint op de slûzen fan Terherne