Joey Veerman debutearret yn seleksje Jong Oranje

Fuotballer Joey Veerman sit foar it earst yn syn karriêre by de seleksje fan Jong Oranje. De middenfjilder fan SC Hearrenfean is troch bûnscoach Erwin van de Looi oproppen as ferfanger fan Azor Matusiwa.
Joey Veerman yn aksje tsjin Sparta © Orange Pictures
Tegearre mei Hearrenfean-ferdigener Sherel Floranus nimt Veerman it tongersdei yn de EK-kwalifikaasje op tsjin Gibraltar. Tiisdei 19 novimber stiet in freonskiplike wedstriid tsjin Jong-Ingelân op it programma.