Direkteuren socht foar nije behearorganisaasje Waad

11 nov 2019 - 13:56

It ministearje fan Natuer siket twa direkteuren foar in nije organisaasje dy't it Waad beheare moat. Dy organisaasje is oankundige yn it regearakkoart en komt der, omdat it behear no te folle ferspraat is.

De Waadsee by Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It behear leit no by it ministearje fan Natuer, it ministearje fan Wettersteat en de Waadprovinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. Dy bliuwe der ek ferantwurdlik foar, mar de koördinaasje komt by de nije organisaasje te lizzen.

Dat der twa direkteuren socht wurde hat mei it ferskaat oan wurksumheden te meitsjen, dy't oan de iene kant in bestjoerlik karakter hawwe en oan de oare kant in útfierend. De direkteuren wurde beiden ferantwurdlik foar in ûnderdiel.

Oer fjouwer jier sil besjoen wurde of de nije organisaasje foldocht.

Trefwurden: 
Waad direkteur Waadautoriteit
(advertinsje)
(advertinsje)