Boskwachters It Fryske Gea wolle wapens: "Allinnich in portofoan foldocht net mear"

11 nov 2019 - 13:27

Boskwachters ha hieltyd faker te krijen mei ûnfeilige situaasjes op harren wurk. Dat docht bliken út ûndersyk fan Natuurmonumenten. De boskwachters wurde útskolden, bedrige of sels mishannele. In wapen soe de feilichheid fergrutsje, fine se sels.

De wurkomjouwing fan in boskwachter liket sa moai: de sinnestrielen troch de beammen, de blêden op de grûn en de frije natuer om dy hinne. Dochs komme boskwachters ûnder it wurk yn ûnfeilige situaasjes telâne. Om hjir sa goed as mooglik op reagearje te kinnen, wolle se wapens ha. Ien fan dy boskwachters is Sipko Sikkes. Hy wurket foar It Fryske Gea yn de Rysterbosk en is drok yn petear mei de plysje om in wapenfergunning te krijen.

Sikkes hat al ferskate kearen gefaarlike situaasjes meimakke. "In pear jier ferlyn wiene der wat bern dy't hjirre yn in fûgelsjochhutte sieten. Sy wiene dêr dwaande om drugs te dealen", hellet er in foarfal nei boppe. "Ik kaam der doe op ôf, mar dat wie nochal driigjend fansels. In tal jongeren dat der mei boksbûgels en drugs yn de hutte sieten. Dan kinst der allinnich hinne gean, mar dat is freegjen om problemen."

Hieltyd slimmer

Sikkes sit al 30 jier yn it fak, mar fernimt dat it hieltyd slimmer wurdt. "We meitsje dingen mei", fersuchtet de boskwachter, wylst er troch it bosk rint. "Sa ha wy bygelyks in himpkwekerij hân op it terrein. Njonken dat binne der in soad betize minsken en dêr stapst ek net fluch op ôf ast neat by dy hast." Der binne ek minsken dy't sels wapens by har ha. "Se binne der ek mei boksbûgels en stekwapens", seit Sikkes. "Gean der dan mar hinne mei dyn bleate hannen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"As wy dit soarte minsken tsjinkomme, reagearje wy foarsichtich", ferfolget Sikkes, wylst hy in pear tûken fan de grûn pakt. "Meastal moatte wy dan de plysje derby helje, mar dat is just ek in probleem. Wy binne faak in ein fuort de bosk yn en lis dan mar ris út wêr'tst no krekt stiest. Dat is gjin dwaan en kostet in soad tiid." Dat hat Sikkes al ris meimakke. "It kin ek wêze dat de plysje ferdwaald rekket. We ha no gelokkich al in app mei in lokaasje, mar ek dat is net altyd de oplossing, want dy wurket somtiden net."

Wapenstôk of hânboeien

De boskwachters ha no in portofoan, mar allinnich dat foldocht net mear, seit Sikkes. "We kinne op de needknop drukke, as it út de hân driget te rinnen. We kinne net sels wat dwaan mei bygelyks in wapenstôk of hânboeien. Dy ha de kollega's fan Staatsbosbeheer al, mar wy net."

De boskwachters falle as Buitengewoon Opsporings Ambtenaar (BOA's) ûnder de plysje. Dy bepaalt oft sy in wapen krije of net. "We binne al in skoftke dwaande om tastimming te krijen by de plysje, mar it keallet echter swier. It petear duorret al in pear jier en we wolle no echt aksje", fersuchtet Sikkes. "Wy ha in oanfraach dien, mar dat duorret altyd efkes. Der moat wol rap wat barre, want oars is it echt wachtsjen op de earste kear dat it flink misgiet."

De plysje hat noch gjin reaksje jûn op wêrom it ferlienen fan tastimming lang duorret.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn petear mei boskwachter Sipko Sikkes

(advertinsje)
(advertinsje)