Lessen fan Google foar ûndernimmers en studinten yn Ljouwert

11 nov 2019 - 12:55

Undernimmers en studinten dy't harren bedriuw of webside op ynternet better sichtber meitsje wolle, kinne yn Ljouwert fergees kursussen krije fan Google. It bedriuw stiet mei in spesjale bus fiif dagen yn de Fryske haadstêd en jout ferskillende workshops.

Yn de bus is in lyts lokaaltsje mei 24 stoelen. Der binne workshops oer bygelyks marketingstrategy of de analyze fan de prestaasjes fan in webside. Mar minsken kinne ek ien op ien advys krije. "Sommige mkb'ers weten niet dat mobiele bezoekers in zes seconde een website beoordelen. Wij geven ze daarom hier tips om hun website te verbeteren", seit Pim van der Feltz, direkteur fan Google Nederland.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld by de Google Bus

Marleen van Mastwijk hat moandei de earste workshop folge. Van Mastwijk hat jierren foar in baas wurke, mar nei in sabbatical fan twa jier hat se it roer omgoaid. Se wol no har eigen websjop. En dêrfoar tinkt se de workshops yn de bus goed brûke te kinnen. "Ik heb me voor drie workshops ingeschreven. De basiskennis is er al, maar ik wil graag meer weten over hoe mijn toekomstige webshop beter zichtbaar is en hoe ik mijn doelgroep goed kan bereiken."

Ek profyt foar Google

Goed fûn wurde op de sykmasine fan Google is foar ûndernimmers tige wichtich. Mei de advertinsjes ferstjinnet it bedriuw in soad jild. Dat de techgigant minsken sels leart hoe't je boppe-oan harren eigen sykmasine komme te stean, fynt Van Mastwijk gjin probleem. "Google helpt mij nu ook om een betere ondernemer te worden doordat ik leer hoe ik mezelf beter op de kaart kan zetten."

Minsken dy't meidwaan wolle oan in kursus wurdt advisearre om harren fan te foaren yn te skriuwen. Moandei stiet de bus op it Waagplein, tiisdei op it Wilhelminaplein en woansdei, tongersdei en freed wer op it Waagplein.

(advertinsje)
(advertinsje)