It ferburgen ferhaal fan it wurkkamp op De Himrik

Der is gjin inkeld spoar mear fan oer: it wurkkamp Spanjebird op De Himrik. It liket der wol nea west te hawwen, want der wurdt net oer praat yn it doarp. Ynwenster Wilma Couperus rekke bot fassinearre troch dit ferhaal en is der yndûkt.
Wilma Couperus © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
By de ferhalejûn no freed wurdt it ferhaal fan dit kamp ferteld yn de bosken fan De Himrik, op it plak dêr't ea de barakken fan it kamp stien hawwe.
It kamp op De Himrik wie yn de Twadde Wrâldoarloch in wurkkamp fan de NAD (Nederlandsche Arbeidsdienst). "Naarmate de oorlog vorderde, werd het kamp steeds meer pro-Duitsers, anti-Joods en militaristisch. Daar zit ook wel een beetje het ongemak", sa fertelt Wilma Couperus.
© Eigen foto

Weropfieding

Nei de oarloch waard it in ynternearringskamp foar NSB'ers, kollaborateurs, moffefamkes en bern fan 'foute' âlden dy't weropfieden wurde moasten. Wilma is noch hieltyd op syk nei mear ynformaasje. "We willen absoluut niet mensen opsporen of naar mensen wijzen, maar we willen heel graag het verhaal boven water krijgen."
Minsken dy't mear ynformaasje hawwe kinne kontakt opnimme mei Wilma Couperus: info@wilmacouperus.nl.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy dûkt yn it ferburgen ferhaal fan De Himrik
Omrop Fryslân stiet dizze wike wiidweidich stil by de ferhalejûn fan freed 15 novimber. Ferline jier wie dit ien fan de ûnderdielen fan de iepening fan it Kulturele Haadstêd-jier en it krijt no in ferfolch. Op mear as hûndert plakken troch de hiele provinsje hinne wurde der ferhalen ferteld: by minsken thús, by bedriuwen, yn de hoareka en yn musea.