Twarres nei tweintich jier werom op Liet

Twarres is freed spesjale gast op it Fryske sjongfestival Liet. It is dit jier tweintich jier lyn dat Twarres mei 'Wêr bisto' de publykspriis fan Liet wûn en dêrom spilet it duo dit jier harren hit yn poppoadium Neushoorn.
Twarres (mei Johan van der Veen en Mirjam Timmer) wûn Liet yn 1999 © Omrop Fryslân
It ferske sil útfierd wurde mei strikers, krekt as dat yn 1999 dien waard. De muzyk foar dy strikers moast wol opnij skreaun wurde, omdat de oarspronklike partijen fuortrekke binne. De strikers komme fan it Frysk Jeugd Orkest.
Twarres bestie yn 1999 út Mirjam Timmer en Johan van der Veen. Kristian Dijkstra nimt freed it plak fan dy lêste yn. "Fansels hiene we graach wollen dat Johan der by wie", seit Timmer. "Mar yn ferbân mei syn sykte slagget dat net mear. Gelokkich minge de stimmen fan Kristian en my hiel goed. Wy sjogge it dan ek as in kadootsje fan ús oan Liet."
Twarres mei Mirjam Timmer en Kristian Dijkstra nei 20 jier wer op Liet © Liet