Kollektejild stellen by ynbraak yn Grou

11 nov 2019 - 11:20

By in ynbraak yn Grou is dit wykein de opbringst fan in kollekte stellen. Om hoefolle jild it giet, meldt de plysje net. De ynbrekkers koene it hûs oan De Fûke ynkomme troch in rút te fernielen.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

Ek op trije oare plakken yn Grou waard ynbrutsen. Dêrby waarden ûnder oare sieraden meinaam. Oan de Hoxma bleau it by it trochsykjen fan in hûs.

Trefwurden: 
ynbraak Grou kollektejild
(advertinsje)
(advertinsje)