Kollum: "Dúdlike taal"

11 nov 2019 - 10:22

"De gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân dogge mei oan de Direct-Duidelijk-kampanje. Doel is dat se dúdliker mei de ynwenners kommunisearje. No wenje ik net yn ien fan beide gemeenten, dus gjin idee wat foar amtlik jargon se dêr brûke, mar ien ding wit ik wol: by de oerheid is it altyd in puzel.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

No wol ik net opskeppe oer mysels, mar ik bin bêst goed mei taal. En dochs ferslach ek ik deryn as ik wat opsykje moat oer regelsaken by de oerheid. Nim de subsydzje foar it enerzjysuniger meitsjen fan dyn hûs. Dat like ús wol wat. Wy wolle ynkoarten alle ruten ferfange litte troch HR++ glês en wa wit kin soks mei subsydzje, tochten we sels.

In syktocht op ynternet brocht my op de webside fan Energiesubsidiewijzer.nl. Dêr moast ik ynfolje wêr't wy krekt wenje. Dus ik typte 'Boelenslaan' yn en drukte op de knop 'Toon resultaten'. Neat. Niks. It fakje mei de namme Boelenslaan waard read, dus blykber kinst net yn Boelensloane wenje en foar subsydzje yn oanmerking komme.

Fia de webside fan de Vereniging Eigen Huis kaam ik úteinlik op de webside van de RVO. Dat is de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland. En dêr begjint it hiele ferhaal. 'Bent u woningeigenaar en heeft u vanaf 15 augustus voor uw woning minimaal 2 energiebesparende isolatiemaatregelen laten uitvoeren? Vraag dan de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH) voor eigenaar én bewoner aan.'

Oant safier is it best dúdlik. Mar dan stiet der: 'De subsidie loopt vanaf 15 augustus 2019 tot en met 31 december 2020. Ook na 2020 is er subsidie beschikbaar voor isolatiemaatregelen, omdat de regeling Investeringssubsidie duurzame energie (ISDE) dan met isolatie wordt uitgebreid.' Just ja. Folgje jim it noch?

Fia allerhanne trochklik-linkjes kaam ik úteinlik út by de list mei alle 'voorwaarden' en doe fia in omwei by de oanfraach. Aldermachtichst. Dat binne sa'n 15 siden oan ynfolformulieren, dêr'tst dysels trochhinne wrakselje moast. En net allinnich wy moatte dat ynfolje, ek ús glêzesetter en boubedriuw moatte oan de bak. Foto's, faktueren, formulieren: der moat in kroade oan bewiismateriaal dy kant op wolst yn oanmerking komme foar subsydzje.

Fan it totale budzjet fan 84 miljoen is yntusken 3 miljoen oanfrege. Dat is noch gjin fjouwer prosint fan it jild dat beskikber is. No is dizze subsydzje krekt iepensteld, dat wit ik wol, mar toch. Ik freegje my ôf oft der noch in soad bykomt as jo it minsken sa dreech meitsje om hjirfoar yn oanmerking te kommen.

Kin dat net wat maklik, freegje ik my dan ôf. Dast dy oanmelde kinst en der gewoan in ekspert by dy thús lânskomt. Net sa'n amtner dy't 'm mei in klútsje it reid yn stjoere lit, mar in echt boumantsje út de Wâlden, dy't dy op de man ôf freget: "Wat hast allegear by de ein hân, jong?" Tegearre strúnst om it hûs hinne, litst sjen watst allegear dien hast, hy stekt hjir en dêr de skroevedraaier yn om te sjen oft it kloppet en pakst de bontsjes der by om te bewizen datst it ek echt útfierd hast.

En dan seit dat Wâldmantsje: 'Gjin geseik, ik jou dy der 10.000 euro foar.' Dat is nochris dúdlike taal."

(advertinsje)
(advertinsje)