Frou ferwûne by stekpartij op stasjon De Westereen

Op it stasjon fan De Westereen hat moandeitemoarn om njoggen oere hinne in stekpartij west. Neffens de plysje is dêrby in frou ferwûne rekke. De plysje hat in 29-jierrige man as fertochte oanhâlden.
Frou ferwûne by stekpartij op stasjon De Westereen
Hoe slim de ferwûningen binne, is noch net dúdlik. It slachtoffer soe wol oansprekber wêze en is nei it sikehûs oerbrocht. De plysje hat in mes fûn en ûndersiket, ûnder oare mei in helikopter, wat der krekt bard is. Oer it motyf fan de fertochte is noch neat bekend.
Op it momint fan de stekpartij wiene der in soad minsken op it perron. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.
Plysjewurdfierder Grietje Hartstra oer de stekpartij