Fryske boeren mei trekkers ûnderweis nei Haarlem

11 nov 2019 - 08:49

In groep Fryske boeren is op it stuit mei trekkers ûnderweis nei Haarlem. Se sille dêr boeren út Noard-Hollân stypje, dy't moandei aksje fiere by it provinsjehûs fanwege de stikstofregels.

It giet om njoggen Fryske trekkers dy't ûnderweis binne nei Haarlem. Se ride fia de Ofslútdyk en krije dêr begelieding fan de plysje. Dêrnei nimme se yn Noard-Hollân de sneldyk rjochting Haarlem. Underweis slute boeren fan Teksel har by de Fryske boeren oan.

Yn Haarlem biede de boeren ûnder oare de petysje 'Noord-Holland wordt Friesland-West' oan.

Foto: Kappers Media
Trefwurden: 
stikstof boereprotest Haarlem
(advertinsje)
(advertinsje)