Noordelijk Film Festival wol jongerein better belûke by festival

It Noordelijk Film Festival wol jongerein better belûke by kommende edysjes. It festival waard fan woansdei oant en mei snein hâlden yn Ljouwert en telde dit jier 23.000 besikers.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Ferline jier wiene dat der mei 25.000 krekt wat mear, mar doe duorre it festival ek twa dagen langer yn ferbân mei Kulturele Haadstêd. It festival fierde dit jier syn 40ste edysje en is yn al dy jierren fan in filmjûn útgroeid ta ien fan de grutste eveneminten yn it Noarden. Mar de organisaasje wol net stilsitte en docht der alles oan om ek foar de takomst relevant te bliuwen.

Fokus bliuwt op Noard-Europa

Om dat te dwaan wol it festival him mear rjochtsje op jongerein. Dat is in lestige doelgroep, om't jongerein in grutte kar hat yn wat se yn harren frije tiid docht. Der sil net ôfstapt wurde fan de fokus op Noard-Europeeske films, sa seit direkteur fan it festival Jacqueline Schrijver. "Je kunt niet zomaar van focus veranderen. Onze programmeur Fredau Buwalda heeft de laatste jaren een netwerk opgebouwd in de noordelijke landen en daar plukken we nu de vruchten van."
Oan de ein fan it festival waard bekend makke hokker film it meast troch it publyk wurdearre waard. De Dútske film 'System Crasher' krige de publykspriis. De film wûn earder al in Sulveren Bear op it filmfestival yn Berlyn en is ek de Dútske ynstjoering foar de Oscars.

Priis foar Monic Hendrickx

Aktrise en telefyzjepresintatrise Monic Hendrickx krige in priis foar har bydrage oan de noardlike sinema. Hendrickx spile haadrollen yn ûnder oare 'Nynke' fan de Fryske regisseur Pieter Verhoeff en yn 'De Poolse Bruid' fan Karim Traïdia. Op it NFF wie se te sjen yn de ynternasjonale koproduksje 'A Certain Kind of Silence'.
Direkteur Jacqueline Schrijver fan it Noordelijk Film Festival