SodM komt mei ferbetteringen yn kontrôle fan mynbougegevens

It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) komt mei ferbetteringen yn de ferwurking fan data en gegevens út de mynbou. Oanleiding is de berjochtjouwing fan RTV Drenthe, RTV Oost, RTV Noord en Omrop Fryslân dêroer.
© Omrop Fryslân
De omroppen brochten ferline wike nei wiidweidich ûndersyk oan it ljocht dat de iepenbiere webside foar mynboudata fol flaters stiet. Staatstoezicht op de Mijnen seit dat soks kin trochdat winmaatskippijen de data út gas-, oalje- en sâltwinning noch hieltyd hânmjittich oanleverje. Dat kin flaters opsmite. De tafersjochhâlder lit no yn in ferklearring witte dat te betreurjen en kundiget maatregels oan om dat foar te kommen.
It giet om gegevens yn NLOG. Dat is in webside dêr't, ûnder ferantwurdlikheid fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat, gegevens oer mynbou op byholden wurde. Op basis dêrfan wurde in protte besluten nommen oer ûnder oare de gas- en sâltwinning yn ús lân.

'Kin en moat better'

De tafersjochhâlder jout ta dat op it mêd fan de gegevens op dy webside noch wol wat te ferbetterjen falt. "De gegevens in NLOG kloppen soms niet of zijn soms niet actueel. Ook kan de inhoud beter toegankelijk gemaakt worden. De informatievoorziening via NLOG kan en moet dus beter. SodM werkt daar ook samen met TNO-AGE aan."
"Foute gegevens staan goed toezicht niet in de weg", seit it kontrolearjend steatsorgaan. "Voor omwonenden of belanghebbenden die niet over andere bronnen beschikken, is dat vervelender. Het ondermijnt tenminste het vertrouwen in de mijnbouw."
Neffens de omroppen kin SodM de kontrolearjende taak net goed útoefenje omdat alle data streekrjocht ôfkomstich binne fan de bedriuwen dy't kontrolearre wurde moatte. SodM fiert sels mar hiel ynsidinteel mjittingen en meunsters út.

Aksje

Op guon punten fynt it Staatstoezicht op de Mijnen dat der mear nuânse wêze moat yn de berjochtjouwing fan de fjouwer omroppen. Op oare punten binne de fraachtekens terjochte, seit it SodM. Dêrop komt it orgaan ek yn aksje.
Offalwetter wurdt noait kontrolearre op gearstalling, foardat it ynjektearre wurdt yn de djippe ûndergrûn. SodM wol "gegeven de onrust die er op een aantal plaatsen is ontstaan, hierop gericht extra controles uitvoeren".

Risikostjoerd

Earder al liet SodM witte dat it tafersjoch op de mynbou-aktiviteiten risikostjoerd is. Yn de reaksje seit it orgaan fierder noch: "Activiteiten met meer risico of grote impact krijgen de meeste aandacht. Systematisch de dagelijkse activiteiten van alle mijnbouwondernemingen controleren, doet SodM niet."