UPDATE: Wapene oerfal yn hotel op It Hearrenfean, plysje siket tsjûgen

11 nov 2019 - 16:25

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in wapene oerfal yn Hotel Heidehof op It Hearrenfean yn de nacht fan snein op moandei. De oerfaller hie in fjoerwapen by him, seit de plysje.

De oerfaller bedrige in meiwurker fan it hotel en easke jild. Nei't er dat krige, is er útnaaid, mooglik de wenwyk Heidemeer yn. De fertochte hie in bivakmûtse op en swarte klean oan. Hy is 1,75 meter lang en hat in lichttinte hûdskleur. De hichte fan it jildbedrach dat er meinommen hat, is net bekend. De hotelmeiwurker is net ferwûne rekke, mar wol bot skrokken, seit plysjewurdfierder Grietje Hartstra.

De melding kaam om 04.10 oere binnen by de plysje en dy gie mei meardere auto's nei it hotel. Se ha de omjouwing ôfsocht mei in plysjehûn, mar koene de oerfaller net fine. De plysje docht buertûndersyk om mear te witten te kommen.

Foto: De Vries Media

Plysjewurdfierder Grietje Hartstra oer de oerfal

Trefwurden: 
It Hearrenfean oerfal wapen
(advertinsje)
(advertinsje)