UNIS Flyers winne yn België rom fan HYC Herentals

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha sneintejûn ek harren twadde wedstriid yn de BeNe League wûn. Tsjin de kampioen fan ferline jier, HYC Herentals, waard it 4-0 foar de Feansters, dy't yn de twadde perioade it ferskil makken.
© UNIS Flyers
Yn de earste perioade wiene der kânsen foar beide ploegen, mar de keepers diene harren wurk goed. Ek yn de twadde perioade duorre it lang foar't der in goal op it skoareboerd stie. Pas nei in heal oere wie it Trevor Petersen dy't de Flyers op foarsprong sette. Dêrnei drukten de Flyers it gaspedaal yn.
In pear minuten letter wie it in dûbele Trevor dy't foar de 2-0 soarge. Trevor Petersen lei ôf op Trevor Hunt, dy't de puck yn de goal skoode. De Trevors wiene los, want noch gjin tritich sekonden letter wie it Hunt mei de assist op Petersen foar de 3-0.

Twadde oerwinning

De Belgen besochten yn de tredde perioade noch werom te kommen yn de wedstriid, mar slaggen dêr net mear yn. It wie úteinlik wer Petersen dy't der 4-0 fan makke. Freedtejûn wûnen de Flyers ek it earste duel yn de BeNe League. Tsjin Zoetermeer Panters waard it 5-2.