Tredde dei bringt Fryske shorttrackers yn Montréal gjin sukses

De tredde dei fan it wrâldbekertoernoai yn it Kanadeeske Montréal hat gjin Frysk sukses opsmiten. Sawol Suzanne Schulting as Itzhak de Laat giene yn de kwartfinale fan de 500 meter ûnderút. Op de 1000 meter helle Daan Breeuwsma noch wol de heale finale, mar dêryn koe hy it net oprêde.
© Orange Pictures
Suzanne Schulting, dy't sneon diskwalifisearre waard op de 1000 meter, die snein mei op de 500 meter. Dat waard gjin sukses. Yn de kwartfinale gie se ûnderút doe't se Chunyu Qu út Sina ynhelje woe. Troch de falpartij wie se kânsleas om de heale finale noch te berikken.

Ek manlju rêde it net op

By de manlju lei Daan Breeuwsma yn de kwartfinale fan de 1000 meter yn it begjin op it twadde plak, mar mei noch trije rondes te gean sakte hy nei it fiifde plak ta. Dêrby makke de Japanner Watanabe in oertrêding op Breeuwsma, dy't dêrtroch in plakje yn de heale finale krige. Dêryn pakte Breeuwsma nei de start de kopposysje, mar dy rekke hy al gau kwyt. Uteinlik kaam hy net fierder as it fiifde plak yn syn heale finale.
Ljouwerter Itzhak de Laat besocht it snein op de 500 meter. Yn syn kwartfinale gie hy al yn de earste meters ûnderút, mar om't dat barde foar de earste bocht mocht hy it nochris besykje. Mei noch ien ronde te gean besocht De Laat nei it twadde plak te gean, mar by syn ynhelaksje ride hy de Kanadees Cedrik Blais ûnderút. Derby foel De Laat sels ek. Dat makke him kânsleas foar de heale finale, ek om't hy foar syn aksje op Blais noch in penalty tawiisd krige.