Waarm-miel-besoarger oanriden yn Ljouwert
In waarm-miel-besoarger yn Ljouwert is sneintejûn op syn skooter oanriden troch in automobilist. Dat barde op de Ruysdaelstrjitte yn de stêd.
De skooterrider moast troch in ambulânsemeiwurker neisjoen wurde, mar hoegde net mei nei it sikehûs.