Roeiferiening Wetterwille wint boatrace fan Grinzers

It wie sneintemiddei in bysûnder gesicht oan de Emmakade yn Ljouwert tusken de âlde skippen. Oer in lingte fan 800 meter strieden de roeiferienings Wetterwille út Ljouwert en K.G.R. De Hunze út Grins hjir tsjin inoar om de winst. Der wiene 15 races mei 30 boaten en 120 roeiers.
Boatrace Emmakade Ljouwert
It wie Wetterwille dy't der úteinlik mei de winst fan trochgie. De Ljouwerter roeiers diene der yn totaal 107 sekonden minder lang oer as harren tsjinstanners út Grins.
It is in histoaryske race dy't yn 1926 foar it earst fearn waard en no foar it 100-jierrige jubileum fan Wetterwille wer nij libben yn blaasd is. As it oan de organisaasje leit, is dizze âlde tradysje -dy't in fariant is op de jierlikse boatrace tusken Oxford en Cambridge- yn eare werom brocht.