Natuurmuseum Fryslân is alwer kidsproof

10 nov 2019 - 16:52

It Natuurmuseum Fryslân is útroppen ta bêste Kidsproof museum fan Fryslân. Dat waard freedtemiddei bekend makke yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn.

Foto: Fries natuurmuseum

It museum krige it ôfrûne jier fan tûzenen museumynspekteurs, bern oant en mei 12 jier, in beoardieling. Om dyn museum 'kidsproof' te neamen, moat dêr in sifer fan gemiddeld 7,5 of heger útkomme.

De Museumvereniging stimulearret bern om musea te besykjen. As museumynspekteur meie se har miening jaan oer de kwaliteit fan tentoanstellingen, wat se der fan leare en wat se oars dwaan soene wannear't se de baas binne.

In eigen rapport

It wie de achtste kear dat bern in eigen rapport opstelle mochten oer musea. Yn dy rapporten sizze se wat se fan de aktiviteiten fine, wat se leard ha, oft de meiwurkers aardich wiene en wat se sels oan it museum feroarje soene. It Natuurmuseum Fryslân is al seis jier op rige kidsproof.

(advertinsje)
(advertinsje)