Earste oerwinning op Grand Slam of Darts foar Danny Noppert

10 nov 2019 - 15:13

Darter Danny Noppert hat sneintemiddei syn earste oerwinning op de Grand Slam of Darts binnen helle. Yn de twadde pûlwedstriid wie hy mei 5-1 fiersten te sterk foar Wayne Warren út Wales.

Noppert hie sneon syn earste pûlwedstriid op de Grand Slam noch mei 5-4 ferlern fan Richard Harrington út Ingelân.

De earste leg gie sneintemiddei troch in break nei Warren mar Noppert makke fuortendaliks lyk. Twa legs letter pakte 'Noppie' wer in break, dizze kear troch 81 út te smiten. Efkes letter makke hy it ôf troch op 4-1 25 út te smiten mei 9 en dûbel 8. It gemiddelde fan de darter fan De Jouwer wie 97.5, wylst Warren net fierder kaam as 92.46.

Letter dizze wike komt Noppert wer yn aksje op de Grand Slam of Darts. Hy moat dan besykje de twadde ronde te heljen yn duel mei Peter Wright.

(advertinsje)
(advertinsje)