Harry van der Molen: mooglik needwet stikstof nedich

10 nov 2019 - 14:31

CDA-keamerlid Harry van der Molen tinkt dat der mooglik in needwet komme moat om de problemen om de stikstof hinne op te lossen. Hy sei dat snein yn Nijsfoarum fan it Omrop Fryslân-programma Buro de Vries.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"It is in hiele lestige kwestje", neffens Van der Molen. "Wy fine dat de boeren de kâns ha moatte om te buorkjen. It plan fan D66 om de maksimumsnelheid nei 90 kilometer de oere werom te bringen wize we ôf as 'net realistysk'."

Wêryn't de oplossing dan wol socht wurde moat liet de Fryske parlemintariër yn it midden. "Earlik sein sit ik ek net sa yn it stikstofdossier. It kabinet sil op koarte termyn mei plannen komme. Allinnich al it feit dat dêrby it senario fan in needwet neamd wurdt, jout al oan dat it om in lestige puzel giet."

Harry van der Molen oer in stikstofwet

Njonken Van der Molen wiene Ria Kraa en Romke Postma gast yn it Nijsfoarum. Kraa is haadredakteur fan it Friesch Dagblad en Postma is fraksjefoarsitter fan Gemeentebelangen yn Dantumadiel. Sy hiene moandei en tiisdei libbene begruttingsgearkomsten.

It folsleine Nijsfoarum yn Buro de Vries

Buro de Vries is in programma mei achtergrûnen by it nijs. It wurdt alle wiken útstjoerd op snein, tusken 11:00 en 13:00 oere. De folsleine útstjoering is hjir werom te harkjen.

(advertinsje)
(advertinsje)