FNP Ljouwert ropt op ta gearwurking tsjin ferhierdersheffing

10 nov 2019 - 13:54

Yn neifolging fan de FNP yn de provinsje en de Unôfhinklike Senaatsfraksje yn de Earste Kamer wol ek de FNP Ljouwert fan de ferhierdersheffing ôf. Se roppe it Ljouwerter kolleezje op om der - yn gearwurking mei ûnder oare oare gemeenten - by it Ryk op oan te trúnjen dat de ferhierdersheffing ôfskaft wurdt.

De Hjouwerkamp op De Harkema - Foto: Google Street View

Ferhierdersheffing is wat wenningkorporaasjes oan it Ryk betelje moatte oer de WOZ-wearde fan hierwenten. Yn Fryslân moatte korporaasjes elk jier likernôch in bedrach dat lyk stiet oan twa moanne hier ôfdrage. Yn totaal giet it yn Fryslân om sa'n 40 miljoen euro.

Better oars ynvestearje

Dêrtroch kinne de korporaasjes minder ynvestearje yn nijbou, leefberens, ferduorsuming en it betelber hâlden fan de hierprizen, seit de FNP Ljouwert. Dêrom wol de partij dat it kolleezje fan de gemeente Ljouwert yn oparbeidzjen mei oare Fryske gemeenten, de Vereniging Friese Woningcorporaties, it IPO (koepelorganisaasje fan de provinsjes) en de Vereniging Nederlandse Gemeenten der by it Ryk op oantrunet in ein te meitsjen oan de ferhierdersheffing.

De FNP Ljouwert wol de moasje tsjin de ferhierdersheffing, dy't se woansdei by de riedsgearkomste yntsjinje, ek nei alle oare riedsleden yn Fryslân stjoere.

Provinsjale Steaten ek tsjin ferhierdersheffing

Hast alle partijen yn de Provinsjale Steaten - allinnich de VVD net - seine ein oktober al dat de regel net folle goeds mei Fryslân foar hat.

Trefwurden: 
FNP Ferhierdersheffing
(advertinsje)
(advertinsje)