Bûnskânselier Merkel nûget Omrop-ferslachjouwer út foar waarm miel

10 nov 2019 - 12:29

Nei de jierlikse 'Europarede' by de Brandenburger Tor yn it hertsje fan Berlyn is Omrop Fryslânferslachjouwer Onno Falkena mei in stikmannich oare Europeanen troch Bûnskânselier Angela Merkel útnûge om mei har in lyts hapke te iten.

Angela Merkel (yn it pearsk) en Onno Falkena (rjochts) - Foto: Omrop Fryslân

Falkena is lid fan it Dútsk-Europeeske netwurk 'Wir sind Europa', ien fan de organisaasjes achter de Europarede. Dy rede waard dit jier fersoarge troch Ursula von der Leyen, de oankommende foarsitter fan de Europeeske Kommisje. Elts jier is de rede yn it wykein fan 9 novimber, de dei dat de Berlynske muorre foel.

Dat Merkel der ek by wie, wie in grutte Überrasschung foar ús.

Omrop Fryslânferslachjouwer Onno Falkena

"Dat Merkel der ek by wie, wie in grutte Überrasschung foar ús", seit Falkena. "Nei de tiid like se samar fuort te wêzen, mar dat wie net sa. Se siet boppe yn in keammerke apart te iten mei in stikmannich partijgenoaten. En omdat se dat selskip wat saai fûn, frege se de minsken fan 'Wir sind Europa' derby."

Troch de minsken fan 'Wir sind Europa' út te nûgjen woe Merkel blike litte dat se it bot wurdearret as minsken har ynspanne foar in bettere dialooch tusken de Europeeske Uny en de boargers. Europa giet Merkel oan it hert, sei se yn har spontane taspraak. "It giet allinnich mar goed mei Dútslân, as it goed giet mei Europa."

Beskieden oer fal fan de muorre

Oer de fal fan de muorre, dit wykein 30 jier lyn, wie se opfallend beskieden. "Op 8 novimber hie ik der gjin idee fan dat dit al op 9 novimber barre koe."

Merkel wenne doe sels yn East-Berlyn en wie, lykas in soad steds- en generaasjegenoaten, út de skroeven. Neffens Merkel is de fal fan de muorre ek te tankjen oan opposysjebewegingen yn oare East-Europeeske lannen, lykas Solidarnosj yn Poalen en Charta yn Tsjechië. Dy hiene de ûntwikkeling yn gong set dy't it iepenjen fan de muorre mooglik makke.

Berliner Frikandellen en wite wyn

De lytse byienkomst mei Merkel by in buffet mei Berliner Frikandellen en wite wyn hie in fertroulik karakter. Falkena moast, lykas in Ingelske kollega-sjoernalist, ynstimme mei de 'Unter drei'-koade, wat betsjut dat neat fan wat dêr sein is, nei bûten brocht wurde mei.

Hy kin wol sizze dat Merkel in tige ûntspannen yndruk makke. "Se makke grapkes yn it Dútsk en Ingelsk en hat ek dúdlik gefoel foar humor. Se komt wolris wat stiif oer, mar dêr wie no neat fan te fernimmen. In belangstellende, sympatike frou, ik kin it net oars sizze."

Onno Falkena oer it hapke iten mei Angela Merkel

(advertinsje)
(advertinsje)