Boekekast #7: Famke famke fan Ale S. van Zandbergen

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze sânde Boekekast in fragmint út 'Famke famke' fan Ale S. van Zandbergen. Rein Tolsma lêst it foar.
'Famke famke' fertelt it ferhaal fan dosint Nederlânsk Haije Alkema. It lesjaan jout him net mear in protte foldwaning, leaver skôget er skilderijen mei syn maat Konrad Skoat. Pas as er de santjinjierrige Aam Alsem yn 'e klasse kriget feroaret der wat. Aam toant ynteresse yn Alkema syn literatuerlessen. Alkema op syn beurt kin it famke net mear út syn tinzen krije.
It gefaarlike spultsje dat Haije Alkema as santjinjierrige mei Lies, Yfke en it hynstefamke Saapke spile soarget foar de spannende apoteoaze oan de ein fan it boek.
Dizze ôflevering fan Boekekast is, krekt as de oare ôfleveringen, te beharkjen op Spotify.

Ale S. van Zandbergen

Ale Sietse van Zandbergen groeide op yn Easterlittens. In tal autobiografyske details út dizze tiid hat er ek ferwurke yn syn debútroman 'Littenser Merke' út 2013. In jier letter krige Van Zandbergen de Rink van der Velde- en de Douwe Tammingapriis foar it boek.
'Famke famke' is de twadde roman fan de skriuwer en yn 2017 útbrocht by Het Nieuwe Kanaal. Van Zandbergen is foar 'Famke famke' nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2019. Yn it deistich libben is Van Zandbergen dosint wiskunde oan it Magister Alvinus yn Snits.
De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechstjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.