Man en famke ferwûne troch koalmonokside op boat Aldwâld

10 nov 2019 - 11:34

Yn in boat op in fakânsjepark yn Aldwâld binne sneintemoarn in man en in famke fan seis ferwûne rekke. De brânwacht hat in hege konsintraasje koalmonokside metten.

De boat is ôfset mei in lint - Foto: De Vries Media

Twa ambulânses kamen nei it fakânsjepark oan de Foarwei. Se ha de man en it famke nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Neffens de brânwacht kaam de hege konsintraasje koalmonokside troch in gaskachel. De plysje hat de boat ôfset mei lint.

(advertinsje)
(advertinsje)