Auto bedarret yn it wetter by Skoattersyl

10 nov 2019 - 09:02

In automobilist is sneintemoarn betiid mei syn auto yn in sleat bedarre by Skoattersyl (De Fryske Marren). In traumahelikopter en de brânwacht kamen nei it plak fan it ûngelok, oan de provinsjegrins mei Oerisel.

De plysje bringt it ûngelok yn byld - Foto: De Vries Media

De brânwacht hat de auto út it wetter helle. De automobilist is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. It is net dúdlik hoe't hy of sy deroan ta is.

Hoe't it ûngelok krekt gebeure koe is ek net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)