Heechste skoare op OMF Konsertkonkoers foar Britsumer De Nije Bazún

Brassband De Nije Bazún fan Britsum hat by it OMF Konsertkonkoers yn Drachten de heechste skoare helle: 88,17 punten. Under lieding fan Jaap Wils wûnen se ek de priis foar it bêste ynspylwurk foar de fertolking fan Aurelia.
De Nije Bazúm fan Britsum © Frederik Kampstra
De Nije Bazún promovearret troch it resultaat ek in difyzje. Sy binne net de iennige: ek jeugdbrassband ProJunior út Gerkeskleaster ûnder lieding fan Dineke Oostra-Kamminga giet in difyzje omheech. Yn de fjirde difyzje waard Concordia út Wânswert earste ûnder lieding fan Gouke Gerben Wielinga. Mei 85,75 punten promovearje sy ek.

Euphonia nei earste difyzje

De lêste promovendus is Euphonia út Wolvegea. Sy hellen 86,75 punten en meie de folgjende kear útkomme yn de earste difyzje.
Yn totaal diene njoggen orkesten mei yn De Lawei, seis út Fryslân en trije fan bûten ús provinsje.

Premjêre Van Toeten en Blazen

Oan de ein fan de konkoersdei spile fanfare Beatrix fan Doezum noch de premjêre fan it stik Van Toeten en Blazen fan de Fryske komponist Jan de Haan. It wurk is skreaun yn opdracht fan de OMF (Organisatie van Muziekverenigingen Fryslân).
It optreden fan brassband De Nije Bazún fan Britsum

Koperkanaal

By it konkoers waarden ek opnamen makke foar it fideokanaal en de audiostream 'Koperkanaal' fan Omrop Fryslân. Koperkanaal is der spesjaal foar leafhawwers fan de muzyk fan harmony, fanfare en brassband. Koperkanaal bestiet út livestreams fan HaFaBra-eveneminten, lykas it OMF Konsertkonkoers, it YouTube-kanaal, de online radiostjoerder Koperkanaal en it radioprogramma Koperkanaal FM (alle sneinen tusken 6.00 en 8.00 oere op 'e radio).